Nij soarchsintrum Vegelinstate

It nije âlderein- en soarchsintrum Vegelinstate op 'e Jouwer moat in foarbyld wurde foar de yntegraasje fan âlderen en de maatskippij om har hinne. Ald-minister Pieter Winsemius wie tongersdei nei De Jouwer kaam om it âldereinkompleks te iepenjen.
Mear as tsien jier is der yntinsyf wurke om Vegelinstate te realisearjen, in ynvestearring fan 30 miljoen. Dêrfoar krije wol mear as 155 bewenners ûnderdak yn in soarchsintrum dat midden yn de maatskippij stean wol.