Bouwe yn Skylger bûtengebiet

Yn it bûtengebiet fan Skylge kin dochs wer boud wurde, salang't it giet om lytsskalige plannen. Dat hat minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer en Miljeu antwurde op fragen fan de VVD-fraksje op it eilân.
Der wurde al in skoft gjin bou-oanfragen yn behanneling naam omdat de Ried fan Steat it bestimmingsplan foar it bûtengebiet ferneatige hat. Dêryn wie te min sjoen nei de natoerwearden. Schultz van Haegen wol no lytse plannen al tastean.