Dochs folkskrystsang Drachten

25 nov 2010 - 12:38

De Folkskrystsang yn Drachten kin dit jier dochs noch trochgean. Al in pear jier organisearje guon predikanten en in ploech sakelju it sjongevenemimt yn it Frysk Kongressintrum. Der komme tûzenen minsken op ôf. Dit jier drige it net troch te gean omdat der net genôch jild wie foar de hier fan it Kongressintrum.

Woansdei waard de helpende hân bean troch de Betheltsjerke yn Drachten. It bestjoer dêrfan stelt it gebou foar nul euro beskiber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)