Frachtwein mei biten kantele

25 nov 2010 - 11:17

In 64-jierrige sjauffeur út Rotsterhaule is woansdei kantele mei syn frachtwein fol mei biten. De man rekke licht ferwûne. De sjauffeur ried fia de ôfrit fan de A7 rjochting it Grinslanner Hoogkerk.

By it opriden fan in rotonde kaam de trailer nei alle gedachten mei twa tsjillen los fan de dyk. De man hie syn frachtwein net mear ûnder kontrôle en kantele. De sûkerbiten leine ferspraat oer de dyk. De brânwacht hat de sjauffeur út syn wein helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)