Moadeshow yn kringloopwinkel

24 nov 2010 - 16:56

Yn Grou wie woansdei in moadeshow fan twaddehânsklean. Der wiene troujurken, feestklean, mar ek hippe learen jaskes, taskes en kettingen. It wie yn de kringloopwinkel. Dy winkel is ûnderdiel fan de stichting Talant en wurdt draaiende hâlden troch kliïnten mei in ferstanlike beheining en har begelieders.

De moadeshow wie bedoeld om minsken sjen te litten dat je mei twaddehânsguod ek aardige kombinaasjes meitsje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)