FrieslandCampina Warkum groeit

24 nov 2010 - 15:40

It tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Warkum wurdt foars útwreide. De direksje wol 31 miljoen ynvestearje yn mear produksje. Dy soe fan 65.000 ton tsiis nei 115.000 ton yn de takomst moatte. Troch de útwreiding komme der 21 banen by.

De direksje wol ek in heal miljoen ynvestearje yn Gerkeskleaster. De ferpakkingsôfdieling dêr wurdt ferpleatst nei Leerdam. Troch te ynvestearjen yn it fabryk yn it Grinzer Marum geane 43 banen ferlern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)