Sipke Hulshoff net mear by PKC

Sipke Hulshoff
Sipke Hulshof hat tiisdeitejûn per direkt syn taak as trainer-coach fan sneonshaadklasser PKC '83 dellein. It bestjoer fan de Grinzer ploech en de trainer, dwaande mei syn earste seizoen, sieten net mear op deselde golflingte. PKC stiet mei fiif punten út alve wedstriden op it lêste plak yn de haadklasse C.
Sipke Hulshoff is ek trainer fan sneins-earste klasser Burgum. Der hâldt de 35-jierrige Ljouwerter oan 'e ein fan dit seizoen ek op.