Brantsje yn Grou

(foto Anton Kappers)
By in bedriuw oan de Parkstrjitte yn Grou is woansdei om kertier foar tolven hinne brân ûntstien. De brânwacht fan Akkrum hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Neffens in meiwurker fan it bedriuw gie it om in lytse brân dy't ûnstien is by reparaasjewurk oan de dakgoate.
It bedriuw Innovative Water Concepts (IWC) leveret yndustriële skjinmakoplossings. Der hat gjin gefaar west foar de omjouwing.