Angenent yn bestjoer besprekke

24 nov 2010 - 12:32
  • Wiebe Wieling

It moat noch frieze, mar Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening hat it der al drok mei. Alle media wolle him sprekke oer de winter dy't der oankomt. Ek is der ûndúdlikheid oer it net meiriden fan de nûmers 1 en 2, Henk Angenent en Erik Hulzebosch.

Wieling begrypt dat de media der opspringe, mar der moat earst mar iis lizze. Yn it bestjoer besprekt er it al of net meidwaan fan Angenent. It bestjoer kin eventueel riders op útnoeging meidwaan litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)