Opkomst lytse 14 prosint SWF

24 nov 2010 - 12:13

De opkomst foar de gemeenteriedsferkiezings yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân wie om 12 oere 13,7 prosint. De buro's wiene op dat stuit fjouwer en in heal oere iepen. Oant njoggen oere jûn kin der noch stimd wurde.

By stimburo 39 yn Makkum wiene woansdei wol wat problemen. Dat stimburo wie net goed te berikken om't de strjitte derfoar der opnij ynlein waard. Dy problemen binne yntusken oplost, want de dyk is wer iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)