Bashir: OV-chipkaart útstelle

24 nov 2010 - 10:44

Twadde-Keamerlid foar de SP Farshad Bashir fynt dat de OV-chipkaart yn Fryslân noch net ferplicht ynfierd wurde kin. Neffens him wie de ôfspraak dat earst de grutte problemen mei de OV-chipkaart oplost wurde soene. Reizgers kinne net twongen wurde in net funksjonearjende kaart te brûken. Ek net om't der gjin sicht is op oplossing foar de problemen.

In Keamerdebat oer de kwestje is woansdei ôfwiisd. Der komt skriftlik oerlis/

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)