Piter Wilkens rol by Tryater

Sjonger Piter Wilkens makket begjin 2012 syn debút yn in teaterstik fan Tryater. Hy sil as spesjale gast in rol spylje yn de reizgjende famyljefoarstelling 'Keimpe en de kânselier'. It is in stik oer in jonge dy't syn heit mist.
It is foar it earst sûnt 15 jier dat Tryater wer mei in famyljestik de teaters en sealen by del giet. Keimpe en de kânslier is skreaun troch Bram de Goeij en Peter Sijbenga. De premjêre is op 21 febrewaris 2012.