Minsken derút by Agricola Bouw

By boubedriuw Agricola Bouw '75 út Warns wurde 9 fan de 40 meiwurkers ûntslein. Neffens direkteur Steven Agricola ferwachtet it bedriuw fanwege de feroarjende merk takom jier 20 prosint minder omset en moat it bedriuw hjir op ynspylje.
De klap is hurd oankaam by it bedriuw. It bedriuw docht faak restauraasjewurk oan mûnen. Direkteur Agricola hat in dûbel gefoel by de maatregel want it bedriuw hat it no noch hiel drok. It moat no sels ekstra minsken ynhiere.