Minister: sjen nei skoalle

(argyffoto)
Minister Van Bijsterveld fan ûnderwiis sil har sterk meitsje om de skoalle yn De Gaastmar iepen te hâlden. De basisskoalle Mids de Marren moat nei dit skoaljier ticht om't der te min learlingen binne.
Earder dizze wike sei Twadde-Keamerlid Sander de Rouwe fan Boalsert dat er fragen oan de minister stelle soe oer it iepenbliuwen fan de skoalle. De minister hat tasein nei de sitewaasje te sjen. De ferwachting is dat der mear bern bykomme.