'Referindum oer weryndieling'

De feriening 'Fan ûnderen op' wol dat der in referindum hâlden wurdt oer de weryndieling fan Súdwest-Fryslân. De Twadde Keamer hat dit jier besletten om de weryndieling yn 2013 te evaluearjen. Fan ûnderen op fynt dat by dy evaluaasje ek de miening fan de boargers heard wurde moat.
Fan ûnderen op hat him jierrenlang fûl ferset tsjin de fúzje fan de gemeenten Nijefurd, Wymbritseradiel, Snits, Boalsert en Wûnseradiel.