Nije brêge foar Burgum

As alles neffens plan giet hat Burgum yn 2015 in nije brêge. It wurdt ien mei twa rydstroken en in fytspaad derneist. It beweechbere part fan de nije brêge wurdt acht meter breder as de âlde.
It doel is om de oanbesteging fan de brêge yn ien kear te dwaan mei it nije akwadukt dat der by Burgum komme moat yn ferbân mei de Sintrale As. De nije brêge komt neist de âlde brêge te lizzen en pas as de nije brêge klear is wurdt de âlde ôfbrutsen. .