Miljoenen foar diken Ljouwert

De provinsje stelt 293 miljoen euro beskikber foar de oanpak fan de diken yn en om Ljouwert. It grutste part fan it jild is foar de westlike ynfalsdyk fan Ljouwert, de saneamde heak om Ljouwert. Foar de oanlis fan in akwadukt by de Drachtsterdyk is 90 miljoen beskikber. It jild wie al earder reservearre en wurdt betelle út it pakket fan maatregels foar it net trochgean fan de Suderseeline.
Provinsjale steaten moatte it foarstel fan deputearre steaten noch beprate.