Trije jier foar Sweagerbosker

23 nov 2010 - 14:42

De man út Sweagerbosk dy't in skoalle op It Hearrenfean yngean woe mei in grut mes, moat trije jier de sel yn. Dêrnei moat er in behanneling ûndergean. Dat hat de rjochter yn Ljouwert tiisdei besletten.

De Sweagerbosker (41) lei yn skieding mei syn frou. Hy stuts op 19 jannewaris syn hûs yn 'e brân en ried nei It Hearrenfean om syn beide bern te sjen op 'e Van Kleffensskoalle. De plysje skeat de man del dy't sa oerémis wie dat er himsels deadzje woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)