Planskea foar rûnwei Bûtenpost

Rûnwei Bûtenpost
De gemeente Achtkarspelen keart 15.000 euro skeafergoeding út yn ferbân mei de oanlis fan de súdeastlike rûnwei om Bûtenpost hinne. It jild giet nei in omwenner dy't flink wat lêst hat fan de nije dyk. It giet dan foaral om mear leven en it útsjoch dat der minder op wurdt.
De oanlis fan de rûnwei is begjin dit jier úteinset. De ferwachting is dat it ferkear der mids takom jier oerhinne kin.