Badhotel Flylân wint priis

23 nov 2010 - 11:01

Mirjam Westers fan Badhotel Bruin op Flylân is troch de Keninklike Hoareka Fryslân keazen ta markantste Fryske hoarekaûndernimmer. Se krige de titel op in galadiner yn it WTC Expo yn Ljouwert. Westers fersloech it Jouster sealesintrum It Haske, kemping De Zeehoeve en restaurant Ons yn Harns.

De kollega's fine dat Westers en har partner fan it Badhotel in ynnovatyf bedriuw makke hawwe. It slagget har goed om ferskate doelgroepen te betsjinjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)