Famke (14) op fyts oanriden

In famke fan 14 jier út Ljouwert is moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn har wenplak. Se fytste op 'e Kanaalwei en gie samar ynienen nei links. In 38-jierrige autobestjoerder út Rinsumageast dy't achter it famke ried, koe har net mear ûntwike en botste boppe-op har.
It famke hie ferskate ferwûnings en moast mei de ambulânse nei it sikehûs.