Twa motors botse opinoar
In 50-jierrige motorrider út Sint Jabik is moandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Hearewei yn Minnertsgea. De man wie op de krusing mei de Moaije Peal mei de motor yn botsing kaam mei in oare motor. Dy waard bestjoerd troch in 51-jierrige ynwenner fan Minnertsgea.
De man út Sint Jabik hie ferwûnings oan it gesicht en moast nei in dokter. De oare bestjoerder kaam mei de skrik frij. Beide motors hiene swiere skea troch de oanriding.