Equal Souls klear foar Lorient

Sjongeres Janneke Brakels fan Equal Souls (foto: Patrick Visser)
De Fryske band Equal Souls stapt tongersdei op de bus foar de reis nei it Frânske Lorient. De winners fan Liet 2010 fertsjintwurdigje Fryslân dêr sneon op de 7de edysje fan Liet Ynternasjonaal.
De formaasje mei woartels yn Gau en Rotterdam sil yn Bretanje it nûmer 'Do swalkest' spylje. Sjongeres Janneke Brakels sil yn Bretanje in rok mei 'in lyts Frysk tintsje' oandwaan. Equal Souls hopet troch Liet Ynternasjonaal in breder publyk te berikken.