Nije dyk Trynwâlden iepene

Foto: Oetze Deelstra (Omrop Fryslân)
De nije fernijde N361 troch de Trynwâlden is moandei offisjeel iepene. Deputearre Piet Adema en wethâlder Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel wiene dêrby. Skoalbern fytsten de rûte yn optocht op fersierde fytsen.
De wei giet troch de doarpen Gytsjerk en Oentsjerk. De dyk is sa ynrjochte dat der minder hurd riden wurde kin. Dat makket it in stik feiliger. It trochgeande ferkear fan Ljouwert nei Dokkum komt dêr del.