Angenent útlotte foar Tocht

22 nov 2010 - 14:56
  • Angenent ynspektearre begjin dit jier it iis op 'e rûte

Henk Angenent is útlotte foar in Alvestêdetocht, mocht dy de kommende winter hâlden wurde. Angenent wûn de lêste Alvestêdetocht fan 4 jannewaris 1997. In pear jier ferlyn makke er al bekend net wer mei te riden mei de wedstriid. Angenent wol wol wer as toerrider it iis op. It ôfrûne wykein is er lykwols útlotte foar de toertocht.

De lotting is nedich om't der mear minsken ride wolle as dat der meidwaan kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)