ABD: bliuw net by Omrin

22 nov 2010 - 12:37

De gemeente Dongeradiel moat perfoarst net by Omrin bliuwe. Dat seit Algemeen Belang Dongeradeel no't it derop liket dat de gemeente dochs trochgean wol mei de ôffalferwurker. Ferline jier besleaten de gemeenten Dongeradiel en Dantumadiel noch om mei yngong fan 2011 it kontrakt mei Omrin op te sizzen. Mar no tinkt de gemeente der dochs oer om by Omrin te bliuwen, Algemeen Belang Dongeradeel easket dúdlikens. De partij sil wethâlder Willemsma der tongersdei op oansprekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)