Advertinsje oer knetterwetter

22 nov 2010 - 11:47

Wetterbedriuw Vitens komt mei ekstra útlis oer knetterwetter. Yn de twa Fryske kranten en de hûs-oan-hûs-kranten komt in advertinsje oer it fluitsjen en knetterjen fan wettersieders en kofjesetapparaten. Dêr wurdt nochris yn útlein wat oan it wetter feroare is en wêrom't de apparaten sa'n leven meitsje.

By it sieden is no sprake fan in fertraging mei de lûden as gefolch. By Omrop Fryslân kamen yn koarte tiid 850 klachten binnen oer it knetterwetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)