Fytsestanders út grûn lutsen
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein op it Sint Antoniusplein yn Snits in 17-jierrige jonge út Molkwar en in 18-jierrige Parregeaster oanhâlden foar fernielerij. It duo hie fytsestanders út de grûn lutsen.
De jonges binne meinaam nei it plysjeburo foar ferhear en foar it opmeitsjen fan in proses-ferbaal. Sneintemoarn mochten se wer nei hús ta.