Te hurd: rydbewiis kwyt

De plysje hat sneontejûn op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert it rydbewiis ynnaan fan in 23-jierrige Burgumer. Dêr mei net hurder riden wurde as 100 kilometer yn 'e oere. De Burgumer kaam foarby mei in gong fan 155. Hy waard oan de kant set troch de plysje. Hy koe it rydbewiis ynleverje en krige in proses-ferbaal.
By Ingelum is in 26-jierrige man fan De Harkema it rydbewiis kwytrekke. Hy ried 140 kilometer op in dyk dêr't 80 it maksimum is.