Frou woe klean stelle: betrape

22 nov 2010 - 09:45

In 19-jierrige ynwenster fan Tytsjerk is sneontemiddei yn in winkel oan de Nijstêd yn Ljouwert oanhâlden. Se hie mar leafst alve stikken klean yn 'e tas troppe. Fan alle klean hie se de befeiligingslabels ôfhelle.

De frou waard betrape en troch it personiel oanhâlden en oan de plysje oerdroegen. Op it plysjeburo is proses-ferbaal tsjin har opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)