SC Hearrenfean wint mei 5-0

21 nov 2010 - 16:36

Sportklup Hearrenfean hat mei 5-0 wûn fan it ûnderoan steande Willem ll út Tilburch. It doelpuntfestival begûn yn de 18e minút. Väyrynen wie de earste dy't in goal makke. Michel Breuer makke foar it skoft de 2-0. It wie Roy Beerens dy't de 3-0 en 4-0 makke, de lêste út in penalty. Dêrnei makke Michel Breuer syn twadde doelpunt en bepaalde er de einstân op 5-0.

It is de grutste oerwinning fan dit seizoen foar SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)