Twadde by ploege-efterfolging
De Nederlânske froulju binne snein yn Berlyn twadde wurden by de ploege-efterfolging. It trio Ireen Wüst, Jorien Voorhuis en Marije Joling sette in tiid del fan 3.05.90.
De Dútske froulju Isabell Ost, Jenifer Bay en Stephanie Beckert wiene 0.59 rapper as de Oranjeploech.
Tredde waard de Noarske ploech mei in goed ridende Ida Njatun.