Kuipers tredde, Davis wint

21 nov 2010 - 14:57

Simon Kuipers is snein tredde wurden op de 1000 meter op de lêste dei fan 'e wrâldbekerwedstriden yn Berlyn. Hy ried in tiid fan 1.09.11.

Winner fan 'e 1000 meter waard Shani Davis. Nei syn teloarstellende 1500 meter fan sneon liet de Amerikaan snein sjen dat er noch altyd hurd reedride kin. Syn winnende tiid wie 1.08.82.

Stefan Groothuis waard fyfde en Mark Tuitert sechsde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)