Kruiswijk: knibbelproblemen

Arnold Kruiswijk (foto: Dirk Jan Haarsma)
Arnold Kruiswijk fan SC Hearrenfena soe snein yn de basis út ein sette tsjin Willem II, mar hy krige sneintemoarn problemen mei de knibbel. Dêrtroch kin er net meidwaan oan 'e wedstriid.
Kruiswijk syn ferfanger achteryn wurdt Youssef El Akchaoui en dêrtroch skoot Calvin Jong-A-Pin troch nei it sintrum fan 'e ferdigening. De wedstriid begjint om healwei trijen.