Lintsjes frijwillige brânwacht

Trije frijwilligers fan de brânwacht Ferwerderadiel hawwe in keninklike ûnderskieding krige. De 57-jierrige Klaas Winkel út Ferwert hat 36 jier foar de frijwillige brânwacht wurke. Hy naam sneon ôfskie. Winkel set him ek al tsientallen jierren yn foar de tsjerke.
Fierders krigen Aldert van der Werk (56) út Ferwert en doarpsgenoat Sake van der Werk (49) ek in keninklike ûnderskieding. Sy binne al 34 en 29 jier aktyf foar de brânwacht.