Foppe seit 'nee' tsjin Spinder

21 nov 2010 - 12:38

Harkemase Boys-foarsitter Pieter Spinder hat by Foppe de Haan efter it net fiske om him foar takom seizoen fêst te lizzen as trainer by de ienige Fryske topklasser. "Ik haw him belle en him frege oft er beskikber wie", sa seit Spinder, "Mar hy sei nee".

It kontrakt fan 'e 67-jierrige De Haan by it Súd-Afrikaanske Ajax Cape Town rint nei dit seizoen ôf. Hy wol it dêrnei rêstiger oan dwaan. De Haan wie goed te sprekken oer ynterim-trainer Peter Meindertsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)