Nije bestimming foar kazerne

© Omrop Fryslân
Yn de eardere brânwachtkazerne oan de Koornbeursweg op It Hearrenfean komme lytse, begjinnende bedriuwen. It is in inisjatyf fan de Stichting De Broedstoof. Dêryn sitte fjouwer jonge ûndernimmers. De brânwachtkazerne is eigendom fan de gemeente. Dy hie earst plannen foar nijbou of restauraasje.
Uteinlik kamen der 27 plannen binnen. De Broedstoof wie neffens de gemeente de bêste. De brânwachtkazerne wurdt earst opknapt. July takom jier moatte de earste bedriuwen deryn sitte.