Twadde ferlies SCO en Drachten

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan SCO en Drachten ha ek de twadde sealwedstriid yn de haadklasse ferlern. Drachten koe it yn de eigen hal net oprêde tsjin VADA. It waard 33-22 foar de ploech út Wageningen. SCO ferlear fan OVVO. Yn Maarssen waard it 25-19 foar OVVO.
Snein spylje de beide oare Fryske ploegen yn dizze haadklasse tsjininoar. Mid-Fryslân treft dan LDODK yn sporthal De Twine fan Grou. Beide ploegen wûnen ferline wike har earste wedstriid.