Lykspul ONS, ferlies Dr. Boys

Haadklasser ONS Snits hat op it eigen fjild mei 0-0 lykspile tsjin Berkum. Yn de earste helte krigen beide ploegen wol kânsen, mar der waard net skoard. Yn de twadde helte krige Chris de Wagt in ûnterjochte reade kaart. Neffens de grinsrjochter soe De Wagt de tsjinstanner in kopstjit jûn hawwe. Martijn Roosenburg miste yn de ekstra tiid in strafskop.
De oare haadklasser, Drachtster Boys, ferlear de útwedstriid mei 5-2 fan WHC.