COC no oan Saailân yn Ljouwert

20 nov 2010 - 16:03
  • It COC sit njonken kafee Het Wapen (foto: Jitske de Hoop, Omrop Fryslân)

It COC wol him mei in nij ûnderkommen op in sichtlokaasje yn it sintrum fan Ljouwert mear yn 'e kiker spylje. It nije plak fan 'e belange-organisaasje foar homo's sit oan it Saailân. It waard sneon iepene troch deputearre Tineke Schokker. Homokoar Onder Anderen joech ek in optreden.

Ljouwert is ien fan de tolve saneamde koprinnergemeenten yn Nederlân as it giet om homo-emansipaasje. De gemeente krijt dêr 75.000 euro subsydzje fan it ryk foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)