Modderbroek ferriedt ûngelok

In 47-jierrige Grinzer is freedtenacht oppakt yn Drachten. De plysje krige in melding fan in ûngelok op de Wâldwei. Dêr troffen de plysjes in lege auto oan mei in soad skea. Letter seagen se ien stean by in bushalte oan de Stasjonsstrjitte yn Drachten. De man hie gjin skuon oan en syn broek siet ûnder de modder.
De man woe him net legitimearje en hy waard oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Dêr die bliken dat de auto oan de Wâldwei fan him wie.