Mysterieuze botsing Ljouwert
De plysje hat freed in auto mei in soad skea yn beslach naam dy't belutsen wie by in oanriding yn Ljouwert. Dêrby wie in beam oan de Camminghaburg hielendal stikken rekke. De plysje trof de auto oan op de Sickingastate. De auto is foar spoareûndersyk meinaam nei it plysjeburo.
De 22-jierrige eigner fan de auto hat oanjefte dien fan stellerij. Neffens him wie in oar útnaaid mei syn wein.