Troch read: fytser oanriden

20 nov 2010 - 14:59

Omdat er mei de autoradio dwaande wie, hat in 26-jierrige autobestjoerder út Zwartemeer freed yn Drachten in frou op de fyts oanriden. De man ried by it stopljocht op de Noarderhegewei troch read en botste op de fytster. Dy foel op 'e dyk en moast mei ferwûnings nei it sikehûs ta.

De bestjoerder joech de plysje ta dat er mei de radio oan 'e gong west hie. Hy is oanhâlden en moast it rydbewiis ynleverje fanwege gefaarlik rydgedrach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)