Terreinwein botst op peal

Trije ynsittenden fan in terreinauto binne freedtenacht op de Brédyk by Stiens ferwûne rekke by in botsing mei in peal. De bestjoerder (38) út Baaium moast syn auto ynleverje by de plysje, omdat dy it fertocht fûn dat der in benzinetank yn 'e laadromte lei. Yn dy laadromte sûnder stuollen siet ek ien fan 'e passazjiers.
Alle trije ynsittenden moasten nei it sikehûs. Fan de bestjoerder is yn it sikehûs bloed ôfnaam, omdat hy nei alle gedachten drank op hie.