Militêr driget mei nepwapen

20 nov 2010 - 14:43

In militêr út Wûnseradiel is oppakt foar it driigjen mei in nepwapen yn Snits. Tsjûgen fan de bedriging op de Wide Noarderhoarne hiene it kenteken opskreaun fan syn auto. De plysje gie manmachtich op syk. De man is oanhâlden op de Trekwei yn Parregea. Yn de auto waard in krekt-echt neimakpistoal fûn. De maresjesee nimt it ûndersyk oer. De plysje wol graach yn kontakt komme mei in man dy't Geert hjit. Hy soe ek bedrige wêze troch de militêr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)