Ferlies foar Avanti

20 nov 2010 - 13:34
  • De seleksje fan Avanti Stiens

De sealfuotballers fan Avanti hawwe freedtejûn yn Eindhoven mei 9-3 ferlern fan kampioen CFE. De ploech út Stiens kaam yn 'e earste helte noch wol op foarsprong mei 0-1 en 1-2.

Yn 'e twadde helte gong it mis. CFE kaam nei it skoft rap op in 5-2 foarsprong en doe wie de wedstriid spile. De doelpuntmakkers fan Avanti wiene Mo Bouraarassi, Tim Hof en Yoshua St. Juste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)