Man mei bordelen net mear yn

20 nov 2010 - 12:57

Op de Weaze yn Ljouwert is freedtejûn foar it earst in prostitúsjeferbod jûn oan in lestige klant. Plysje, gemeente en prostitúsje-ûndernimmers hawwe ôfpraat dat klanten dy't foar problemen soargje yn de iene saak, ek net mear wolkom binne yn oare saken. De man hat it ferbod deselde nacht ek al skeind. Dêr hat er in bekeuring foar krigen.

Foar de hoareka jildt ek dat dy't him misdraacht yn it iene kafee, de oare kafees ek net mear yn mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)