Plysje siket tsjûgen klûs

19 nov 2010 - 21:04

De plysje yn Easterwâlde siket tsjûgen dy't tongersdei oerdei sjoen hawwe dat der in klûs stellen waard út in wenning oan de Boelenkamp. De 75 kilogram swiere klûs is nei alle gedachten mei in ferrydbere stoel út de wenning helle.

In buertûndersyk hat neat opsmiten. Mooglik dat oare minsken wat sjoen hawwe. It is noch net krekt dúdlik wat der yn de klûs siet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)