Gauke Nijholt ferstoarn

Gauke Nijholt, trainer en coach fan reedriders en hurdfytsers, is freedtemiddei ferstoarn. Begjin oktober krige de 73-jierrige âld-plysjeman mei in trainingskamp fan syn frouljusmaratonploech in harsenynfarkt. Sûnt dy tiid lei de ynwenner fan It Hearrenfean yn koma.
Nijholt hat bûnscoach fan de sprinters west en ek fan Jong Oranje. Fierders wie er trainer en ploechlieder fan ferskate maraton- en hurdfytsploegen.