Mei mobyl ynternet aaisykje

Argyffoto Omrop Fryslân
Aaisikers moatte mar mei in mobile ynternetferbining it lân yn om boetes foar te kommen. Dat seit advokaat Tjalling van der Goot nei in útspraak yn in heger berop. Hy ferdigenet in man út Hurdegaryp dy't twa jier ferlyn trapearre doe't er aaisocht yn in guozzegedoochgebiet op in tiidstip dat dat net mei.
Der stiene gjin buorden en de kaarten op 'e webside fan 'e provinsje binne net dúdlik genôch, seit Van der Goot. Dan is mobyl ynternette in oplossing.